Grut Frysk Diktee

ljouwert

Fanwegen de minne waarfoarsizzing foar oankommende tongersdei 21 juny, hat de organisaasje fan it Grut Frysk Diktee besletten it diktee te fersetten. De nije datum foar it diktee is woansdei 27 juny. Lykas earder sil it diktee útein sette om 19.00 oere op it Aldehoustertsjerkhôf.

Yn totaal dogge der 680 dielnimmers mei. Elkenien kin meidwaan mei as doel ta in rekôr te kommen. Mei 680 dielnimmers is dat slagge. Omrop Fryslân stjoert it Grut Frysk Diktee fan 19.00 oere ôf live út op telefyzje en online.

De organisaasje is tige optein oer it grutte tal oanmeldingen. Sjueryfoarsitter Hindrik Sijens: "Wy hiene stiekem wol hope dat wy boppe de 600 oanmeldingen komme soene, mar dat it ek echt slagge is, is fansels fantastysk." Oan de opjeften is te sjen dat minsken fan alle leeftiden meidogge oan it diktee. De jongste is 12 en de âldste is 87. De jongerein is goed fertsjintwurdige.

Ferskate bekende Friezen weagje har oan it diktee. Sjonger Jelle B, presintator fan it Klokhuis Habtamu de Hoop, sjongeres Griet Wiersma, sterke mannen heit en soan Zijlstra, âld-politikus Lutz Jacobi en topkok Reitse Spanninga dogge mei. Ek de winnende bekende Friezen fan de ôfrûne jierren dogge mei. De tekst is dit jier skreaun troch de presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal, Welmoed Sijtsma. It Grut Frysk Diktee is fan 19.00 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online. Ek de minsken thús kinne meidwaan. Fia www.fryskdiktee.frl kin elkenien thús it diktee meiskriuwe. It wurdt dan ek automatysk neisjoen.