Nije dichtbundel fan Jaap Veenstra by Bornmeer

DE ROTTEFALLE

By Útjouwerij Bornmeer yn de Gordyk ferskynt de twatalige gedichtenbondel gatten yn it tek / gaten in het dak fan Jaap Veenstra.

Doelrasjonaliteit, strategy, systemen en skaalfergrutting meitsje mear en mear de wurklikheid dêr’t wy yn libje. Lykas in ferlerne leafde slagge se gatten yn it tek fan de bewende wrâld. De gedichten yn dizze bondel longerje nei de minsklike maat en in libben om ’e nocht. De gedichten binne yllustearre mei ôfprinte keunstwurken fan de hân fan Marty Poorter, keunstneres yn Donkerbroek. in skerper each wiid iepen kimen dy’t it wetter reitsje        reflektearje it point of view en kantelje it perspektyf heine ljocht yn tiid en romte   in fûgel sweeft termyk yn myn holle hieltyd heger sulver yn blau waakst yn ôfstân in skerper each   Jaap Veenstra (1959) wennet yn De Rottevalle. Fan him ferskynde earder – ientalich Frysk – de bondel De nacht midstwa. gatten yn it tek / gaten in het dak is te krijen by de boekhannel en by Útjouwerij Bornmeer.

Auteur

Fokke Wester