Gemeente Achtkarspelen wint Fryske taalbeliedspriis 2013

Drachten

BÛTENPOST - Mei it idee foar in Frysktalige skriuwwedstryd ynspirearre op folksferhalen wint de gemeente Achtkarspelen fan ’t jier de taalbeliedspriis fan de provinsje Fryslân.

De priis bestiet út in jildbedrach fan € 2.500 bestimd foar it útfieren fan it plan. Fan'e moarn is de sjek troch deputearre Jannewietske de Vries oerlange oan boargemaster Gerben Gerbrandy, loko-boargemaster Jan Lammers en beliedsamtner Durkje Verbeek. Hiel konkreet Neffens de sjuery fertsjinnet de gemeente Achtkarspelen de priis, omdat it plan goed útwurke en hiel konkreet is. It draacht by oan it mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk, mar ek oan it Frysk kultureel erfguod, om’t der in soad (Frysktalige) ferhalen binne yn Fryslân. Der kin in brede doelgroep oansprutsen wurde, troch ynearsten it skriuwen en sammeljen fan de ferhalen en dêrnei it útsetten fan dy ferhalen nei it publyk. Fierders hat de skriuwwedstriid yn 2014 in heech aktualiteitsgehalte, om’t it dan hûndert jier lyn is dat Dam Jaarsma berne is. It projekt kin ek troch oare gemeenten oernommen wurde en it kin in goede ynspiraasje wêze foar oare gemeenten. Stimulearjen De taalbeliedspriis is in inisjatyf fan Gemeenten&Frysk fan de Afûk en wurdt foar de fjirde kear útrikt. It doel fan de priis is om gemeenten te stimulearjen om aktyf en praktysk stâl te jaan oan harren (mooglik takomstich) taalbelied. De sjuery bestie út Nel Haarsma, wethâlder fan de gemeente It Bilt en winner fan de lêste taalbeliedspriis, Harmen Akerboom, beliedsmeiwurker taal by de provinsje Fryslân en Frits Mostert, parsefoarljochter en kommunikaasje-adviseur by Medisch Centrum Leeuwarden.    

Auteur

Fokke Wester