Jongerein Krite Bûtenpost spilet op’e nij Fryske premjêre: ”It begûn by de brêge”

Bûtenpost -Lykas ferline jier is de jongereinploech fan it Kritetoaniel der wer yn slagge om mei harren regisseur André Beeksma in eigen produkjse te meitsjen. Nei in idee fan de spilers en spylsters hat André de pinne opnaam en hat fan in “dreech” ûnderwerp in “licht” stik makke: ”It begûn by de brêge”. Op freed- en sneontejûn 25 en 26 jannewaris bringe Jelly Douma, Dagmar Kingma, Nienke ten Hoven, Renze Welfing, Dette Hiemstra, Johan Moes, Oetsen van der Veen en Anouk Minnema it stik oer it fuotljocht. The Point Bûtenpost, 20.00 oere, seal iepen om 19.00 oere, kaartferkeap gewoan oan de doar.

It idee:

Begjin 2018 stie der yn de Ljouwerter krante in stik oer depressiviteit ûnder jongeren. It die bliken dat 45% fan de HBU studinten hjir lêst fan hat en dat best in grut part der oer tinkt him of har sels te koart te dwaan. Us maatskippij leit in grutte druk om te prestearjen op de jongerein. Dat is in hiel oar byld fan wat wy faaks ha fan it studintenlibben, lang leve de lol en oan’t moarns betiid yn de kroech. Ek by de spilers fan de jongereinploech, wie de druk, fan de fersakelikjende maatskippij wêrby kreatifiteit en keunstsinnigheid net op priis stelt wurd, bekind.

It stik:

En sa ûnstie it plan om hjir in stik oer te meitsjen dat him ôfspilet yn de sletten ynrjochting fan in sikenhûs sûnder dat it te swier en te dramatysk wurdt. Op de ôfdieling sitte jonge minsken dy’t elk om harren eigen redens dêr belâne binne. Dan giet de telefoan en freget in frommeske tagong ta de ôfdieling. Dit kin fansels net samar want men moat langer oan allegear betingsten foldwaan, mar mei wat help fan in patient kriget se tagong en kin it spul begjinne. It publyk komt yn de kunde mei de oare spilers en it wêrom’t se der binne. Ek sil de taskôger it meimeitsje dat de minsken yn de ynrjochting de kâns krije om, troch harren kûnstsinnigheid en mei help fan de nije patient, wer in nije takomst op te bouwen.