Hoe gaat het met Heikie Hoeksma?

HARKEMA - Blijf thuis, zegt de regering, dus we komen elkaar in deze coronatijd minder tegen. Daarom laat de Feanster mensen aan het woord om te laten zien hoe wij samen de crisis doorkomen en anderen een hart onder de riem te steken. Deze week Heikie Hoeksma.

Heikie Hoeksma (72) uit Harkema is bekend als ontwerper van tuinen. Jarenlang werkte hij bij De Kruidhof, waar hij in de jaren tachtig al een bijen- en een vlindertuin aanlegde. ,,Biodiversiteit is no in item, mar dat die ik doe al.'' Tegenwoordig besteedt hij veel tijd aan de bijzondere tuin rond zijn woning, die in internationale tijdschriften geprezen is en jaarlijks tijdens de Open Tuinen grote aantallen bezoekers trekt (zie ook www.heikiehoeksma.nl).

Hoe gaat het?

Goed. Ik ha net folle lêst fan de koroana, mar it is wol in rem op it libben. Ik fernim wol dat der oeral wat in rem op sit. Der rydt hjir no in stik minder ferkear lâns as oars. It spontane giet der wat ôf.

Ik lied al jierren in soarte fan kluizenaarsbestean, ik gean myn eigen gong en dat is no in tikje botter wurden. Ik kom der moarns om fiif oere ôf. Sa gau as de fûgels begjinne te sjongen, dan bin ik der by. Ik bin fierder sûn en haw in heech immuniteitsgehalte. Ik ha gjin ûnderlizzende kwalen en ik ha ek noch noait gryp hân. Wat dat oangiet giet de koroana in bytsje by my del. Mar ik hâld der wol rekken mei. Koroana liket my ek freeslik, want it taast de longen oan. It is ek slimmer as de gryp, want jo moatte der fan revalideare. Wat der yn Itaalje bard is, dat is in ferskrikking.

Wat ik bot mis is it hurdfytsen. No soe de Ronde fan Switserlân ferriden wurde en aanst fansels de Tour. In sprintetappe seach ik meast allinnich de twa lêste oeren fan, mar in moaie Pyreneeënrit, dêr naam ik froeger altyd in snipperdei foar.

Komen er nog mensen over de vloer?

Myn kammeraden komme sa stadichoan wer. De ôfrûne tiid binne alle jierdeis ôfsein, dy moatte wy allegear noch ynhelje. Ik hâld my graach oan de regels en dat hat yn Achtkarspelen ek goed wurke. Wat dat oangiet meie wy hjir ús segeningen telle.

Gaat u naar buiten als u geen noodzakelijke boodschappen doet?

Jawol. Ik kuierje trije kear wyks oer de Duerswâldmer heide of by Trimunt. Wat minsken de natuer neame, dat is foar my de skepping, dêr kin ik ôfgryslik fan genietsje. Ik bin net sa'n winkelfanaat, mar ik gean noch wol sels te boadskipjen, yn Grinzer Pein en yn Surhústerfean. Ik ha sa'n bytsje in fêste route, mei de supermerk en de bakker en de slachter.

Ziet u nog mensen die zich niet aan de 1,5 meter regel houden?

Ik sjoch oeral wol dat minsken wat minder ôfstân hâlde, it wurdt allegear wat losser. Ik bin der ek net hielendal gerêst op as de minsken dy oardel meter hieltyd mear loslitte. It is net om'e nocht dat it oantal pasjinten hjir sa leech wie. As wy ien stap te fier geane, moatte wy miskien aanst tsien werom.

Wat kunnen we leren uit deze moeilijke tijden?

Dat wy genietsje moatte fan alles wat gewoan en moai is, it gewoane libben. Wy moatte mear wurdearring ha foar it libben en mear genietsje fan de skepping, want it kin samar oer wêze. Wy meie tankber wêze dat it noch sa goed giet. Ik wie der fan'e moarn om fiif oere ôf en doe haw ik de hagen knipt. Dan sjoch ik nei de fûgels en de blommen en it wetter en dan skriuw ik jûn yn myn aginda: het was een goede dag.

Mijn tip om de verveling tegen te gaan is:

Ik ferfeel my noait. Ik hoech net sa'n protte. De natuer, in goed gesprek mei freonen. De fûgeltsjes en de blomkes binne myn grutte ynspiraasje. As jo sûn binne en bewege kinne, dan hoege jo jo net te ferfelen.

Tenslotte, wie wilt u een hart onder de riem steken en waarom?

De minsken yn de soarch. Dy hiele sektor is al jierrenlang útknypt. It is allegear koarte termynpolityk en it draait allegear om jild, jild, jild. Alles moat sa goedkeap mooglik. Dêrom wurdt it personiel swier ûnderbetelle en komme de pillen út Sjina en India.

No is de soarch ynienen in essensjeel berop, moatte de minsken dei en nacht klearstean en krije se applaus. Mar in bytsje mear salaris sit der noch altyd net yn.

En de âlde minsken yn de tehûzen, dy't no al moannen opsluten sitte. Tagelyk meie se ek tankber wêze dat de koaroane harren besparre bleaun is, mar ik hoopje dat se harren dierberen gau wer treffe meie.