'Freddy? Stoppen!' FNP-raadslid en Cambuur-fan drijft tv-presentatoren tot wanhoop

Cambuur-fan en raadslid van de FNP in de gemeente Tytsjerksteradiel Freddy de Haan had de lachers op de hand, in 'Even tot hier' bij BNNVARA.

In het tv-programma (klik op de link vanaf 30:30 om terug te kijken) wordt de week doorgenomen door presentatoren Jeroen Woe en Niels van der Laan. Dat Cambuur het kort geding tegen de KNVB verloor en niet promoveert naar de eredivisie, kwam uiteraard aan bod. De redactie van het programma had Freddy de Haan bereid gevonden iets over zijn cluppie te zeggen.

En dat ging niet helemaal zoals gepland. Want De Haan begon aan een ellenlang betoog en was niet meer te stoppen. Het dreef de presentatoren tot wanhoop. Van der Laan liep zelfs even de studio uit. De Burgumer werd een aantal keren gesommeerd te stoppen met praten, maar dat lukte mondjesmaat – tot hilariteit van de studiogasten (die allemaal via beeldverbinding aanwezig waren). Het programma werd ter ere van De Haan en Cambuur nog opgeleukt met een heus Cambuur-lied.

Kende je het programma?

,,Nee, dus ik ha sneon – in dei foar de opname – noch even in ôflevering sjoen en doe hie’k wol troch dat se dan ien fraach stelle en wer fierder gean.’’

En dat vond je te weinig?

,,Ik hie al wol in ferhaal yn’e holle. Ik tocht: ik hâld net op mei praten, want dan bin ik de rezjy kwyt. Dit kaam echt út myn hert, dus ik woe even knalle. Der wie neat oan regissearre. Yn de studio wiene se de wei ek even kwyt, troch my.’’

Hoe kwam de redactie van het programma bij jou terecht?

,,Ik bin fia Facebook frege troch it programma of ik lilk wie dat Cambuur net promoveare soe en of ik dat dan op televyzje fertelle woe. No ja, wêrom net? De redaksje sei dat se echt in man nedich hiene mei in Cambuur-hert, dy’t poerlilk wie.’’

En dat was je.

,,Ik kin de fans fan Cambuur wol en kom sels al sûnt 1978 by de wedstriden en wit wol hoe’t elkenien der oer tinkt.’’

Hoe verliep de opname?

,,Snein kaam in staazjerinster by my thús en der wie fierder gjin skript of sa. Ik moast gewoan dwaan wat ik ôfsprutsen hie, sei sy. De laptop stie klear en ik frege wannear’t ik yn de make-up soe, mar dat wie net nedich, haha. Om 13 oere siet ik klear, mar om 15 oere noch. It duorre mar, want der wiene fansels allegear steuringen mei de oare minsken. Om 15.15 oere wie ik oan bar.’’

En ze werden niet gek van je?

,,Ik krige nei ôfrin noch te hearren dat se it wol grappich en prachtich fûnen dat ik my de mûle net snoere liet en net tsjin te hâlden wie. It wie in moaie monolooch.’’