Ingezonden: Fan de stank nei it lawaai

KOOSTERTILLE Achte kolleezje en gemeenteried fan Achtkarspelen,

Wat 60 jier lyn troch it regeer betocht is as in segen foar de regio, driget anno no te feroarjen yn in flok foar it doarp: de mooglikheden foar it festigjen fan swiere yndustrie op de Westkern. We ha as Plaatselijk Belang Kootstertille faak genôch dúdlik oanjûn dat wat ús oanbelanget de grins fan wat we as ynwenners oan oerlest fan de yndustriegebieten yn en om ús doarp ferneare kinne, berikt is.

Slim tsjin ús sin driget deun by it doarp in cofergister festige te wurden. Sabeare grien, yn de praktyk in boarne fan oerlest foar de omwenjenden. Jo witte der alles fan, ûnderkenne ús beswieren en sizze ta ús te stypjen.

Tagelyk is de Westkern no yn byld as lokaasje foar de festiging fan in tige grut transformatorstasjon fan Tennet. In ynstallaasje dy't in hiel soad oerlest jout yn de foarm fan leech frekwent lûd (LFg). In swiere brom, dy't dei en nacht trochgiet, fier te hearren is, en min te kearen troch lûdswallen of muorren.

En wér flak by it doarp, sadat we der as ynwenners allegear ûnder te leien ha. It mei bekend achte wurde dat jo fan lûdsoerlest, seker as it oanientriedwei trochgiet, -slim- siik wurde kinne.

Achte kolleezje en ried, we freegje jo mei klam yn dizzen op te kommen foar de ynwenners fan Koatstertille en omkriten, en mei it each op ús sûnens en wolwêzen by Tennet oan te jaan dat de lokaasje Westkern Kootstertille wat jo oanbelanget net yn oanmerking komt foar festiging fan in transformatorstasjon en alle war te dwaan om dit te keren.

Mei achtinge,

út namme fan Plaatselijk Belang Kootstertille,

Lys Visser, skriuwster.