FNP Achtkarspelen boycot de raadsvergaderingen zolang corona heerst

BUITENPOST - De Frysk Nasjonale Partij boycot de raadsvergaderingen van de gemeente Achtkarspelen, zolang de raadsleden daarvoor nog naar het gemeentehuis moeten komen..

De FNP vindt het op dit moment niet kunnen om de vergaderingen door te laten gaan, zo laat ze weten in een persverklaring.

Platlein

,,De Corona krises hat grutte effekten op ús lân en mienskip. Oeral wurde we alle dagen konfrontearre mei ferskriklik nijs en minsklik leed dy’t feroarsake wurdt troch dizze pandemy. Gearkomsten wurde ferbean, hiele sektoaren binne platlein en bern kinne net nei skoalle. In útfeart kin nei alle maatregels net de oandacht fan de neibesteanden krije dy it fertsjinnet.’’

,,Wy moatte de regels folgje om de minsken dy dit firus der net by hawwe kinne te beskermjen. De FNP Achtkarspelen fynt it dan ek ûnbegryplik en net besteanber om gewoan fysyk riedsfergaderingen troch gean te litten. Wy hawwe genôch minsken yn de ried of harren neisten dy’t dit firus perfoarst net hawwe kinne.’’

,,Twads it sinjaal tsjinoer alle minsken en bedriuwen dy troch de oerheid fan it ien op it oare momint platlein binne. De oerheid nimt needsaaklike maatregels, dy’t minsken, skoallen en bedriuwen djip treffe, mar de gemeentlike oerheid yn Achtkarspelen fynt blykber dat al dy rigels allinnich foar in oar jilde en net foar harren sels’’, aldus de persverklaring.

Aanpassingen

Een voorstel van de gemeente om te vergaderen met aanpassingen, zoals het bij elkaar plaatsen van alleen de diverse woordvoerders, kan evenmin om applaus van de FNP rekenen, zegt fractievoorzitter Sake van der Meer. ,,Dan is der gjin diskusje mear mooglik, dan rekkest it demokratyske gehalte fan de ried. Sa wurde ûnderwerpen der trochhinne drukt, soks kin yn in demokratyske rjochtssteat net. Wy as FNP Achtkarspelen binne djip teloarsteld yn de machtspolityk dy’t hjir bedreaun wurdt. Dêr wolle wy net oan meiwurkje.’’

Van der Meer hoopt en verwacht dat er een andere oplossing komt, zoals videobellen. ,,Dat dogge wy no ek al mei it presidium, de gearkomste fan alle fraksjefoarsitters. Dat wurket prima. As de hiele ried sa meidwaan kin fia de app, dan is dat foar ús gjin probleem. Mar ik mei op dit stuit net iens myn eigen pakesizzers sjen en dan soe ik wol mei de oare riedsleden om tafel kinne? Gjin sprake fan.’’

De gemeente laat weten zich nog over de kwestie te beraden.