Harkjemar spilet Memmen by it stek

DE HARKEMA - Toanielferiening Harkjemar spilet freed 28 en saterdei 29 febrewaris yn De Klok it stik Memmen by it stek. Beide útfierings begjinne om 20.00 oere.

Memmen by it stek giet oer memmen by it stek fan it skoalleplein. Wat soenen dy memmen no beprate? Der bart hiel wat. Steane se gewoan te praten en komt master Willem foarby. Dan giet it mâl. Alle eagen folgje master Willem. No ja, dat is ek in echt stuk, dat is wier.

En dan Anita, rint op it lêst fan har swierwêzen fan har fiifde bern, allegeare fan in oare man. Moat krekt foar har befalling earst noch in peuk. Njoggen moanne foar dizze befalling barde der wat yn it fytshok. Dêr binne in pear froulju wis fan. En soks wurdt dan allegearre bepraat troch de memmen by it stek. En noch folle mear. O ja, Beitske ek noch. Alle memmen litte har stean.