Elske DeWall iepenet Easterbarren 2018

EASTERMAR

Saterdei 1 septimber om 14.30 oere fersoarget Elske DeWall op doarpsplein it Breed yn Eastermar de iepening fan it Easterbarren 2018. Dernei is der oant 19.00 oere ta op 12 (!) poadia fan alles te sjen, te hearen en te genietsjen mei in grut tal artysten, keunstners en folle net genôch.

By de optredens fan blaaskapel “Sjoklup Lutkewierum” skuorre jo jin de bûsen út. Jo kinne opstappe op it Eastermarder Skûtsje, dat oars meisylt yn de IFKS mar jo dizze middei meinimt foar in slach oer de Burgumermar. Foar wa’t it modern wol is der de mobile Virtual Reality Room fan VRROOM. Bern kinne har smynke litte. Jong en âld kinne har tekenje litte troch de portrettekener Rienk Vlieger. Jeugdsirkus Saranti wurket mei. Tefolle om op te neamen.

Jûns fan 19.00 oant 22.30 fulle bands it programma op it haadpoadium op it Breed.

Al mei al wer in hiel, gesellige middei en jûn, dy’t jo net misse wolle !

Sjoch foar mear ynformaasje de webside: www.easterbarren.nl