It Skriuwboerd Surhústerfean falt yn de prizen

SURHUSTERFEAN

Op tongersdeitemoarn 24 maaie gie hommels de doar fan it lokaal fan groep 8 fan iepenbiere basisskoalle It Skriuwboerd yn Surhústerfean iepen en kaam Raynaud Ritsma fan it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek de klasse yn. 

Ritsma hie in skitterende beker by him en joech ’m oan de bern. Dizze beker wie wûn troch it betinken fan it wurd dat de measte punten wurdich wie yn it ramt fan de Tsjek Skoal Scrabble Battle. 

Oare skoallen yn Fryslân leine it ôf tsjin it wurd ‘wykje’ wêrmei troch de Feanster skoalle 27 punten helle wurden. Wy binne fansels  tige grutsk op dit resultaat, sa lit It Skriuwboerd witte.


 


Auteur

Redactie