Wurkbesite FNP oan berneopfang TIKO Bûtenpost

 BUTENPOST

In delegaasje fan de fraksje en bestjoer fan de FNP Achtkarspelen hat moandei 12 maart op wurkbesite west by berne-opfang TIKO yn Bûtenpost.

TIKO is de grutste organisaasje yn Achtkarspelen dy’t har dwaande hâldt mei alle foarmen fan berne-opfang. Hja binne net allinnich yn Achtkarspelen aktyf, mar ek bygelyks yn Kollumerlân en Ferwerderadiel. TIKO betsjutThuis In Kinder-Opvang.

Der wurkje sa’n 120 minsken by TIKO, wêrfan 75 út Achtkarspelen. Dus ek de wurkgelegenheid yn Achtkarspelen profitearret flink fan dizze organisaasje. 

Rûnlieding

De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de algemien direkteur fan TIKO, André de Jong, en troch haad pjutterboartersplak Annette de Haan. De Jong en De Haan fersoarchden dernei in moaie rûnlieding troch it gebou yn Bûtenpost en fertelden alfêst it nedige oer de berne-opfang.

Under it genot fan in bakje kofje mei gebak waard de delegaasje fan de FNP dernei fierder bypraat mei help fan in power-point presintaasje. TIKO hat al mear as 25 jier ûnderfining op it mêd fan profesjonele berneopfang. Hja biede in fertroud plak oan de bern op harren bernesintra of by gastâlders. It doel fan TIKO is de bern fan Achtkarspelen genôch ûntwikkelingskânsen en wille te bieden. De basis hjirfoar is dat bern harren thús (feilich en fertroud) fiele by de ferskate opfangmooglikheden fan TIKO.

TIKO hat gruttere berneopfang fêstigingen yn Bûtenpost, Surhústerfean en op De Harkema. Fierder sit TIKO ek mei pjutteboartersplakken yn Droegeham, Koatstertille, Twizel, Twizelerheide, Stynsgea en Gerkeskleaster. Alle meiwurkers fan TIKO binne goed oplied en hawwe de nedige diploma’s.

Oerlis

TIKO hat in goed oerlis en kontakt mei al it oare ûnderwiis yn Achtkarspelen en alle fierdere organisaasjes dy’t harren dwaande hâlde mei de bern. Ek is fansels goed kontakt mei de gemeente wichtich en mei de âlders fan de bern. Oan it ein fan de wurkbesite betanken de FNP’ers de De Jong en De Haan foar de gastfrije ûntfangst en alle ynformaasje. It wie in tige slagge wurkbesite. 

 


Auteur

Redactie