Wurkbesite FNP: ‘Surhústerfean fertsjinnet kommende jierren seker ekstra oandacht’

Surhuisterveen

 SURHUSTERFEAN - In grutte delegaasje fan fraksje en bestjoer fan de FNP Achtkarspelen is koartlyn yn petear west mei it bestjoer fan de feriening Hannel en Yndustry (H&I) Surhústerfean.

De FNP hie H&I Surhûsterfean útnoege foar in goed gesprek en dizze moeting fûn pleats yn horecasaak ‘It Stee foar Iters en Drinkers’. Under it genot fan in bakje kofje waar it H&I-bestjoer wolkom hjitten troch Rein van der Wal nammens de FNP. Hy sei dat de FNP Achtkarspelen graach witte wol wat der libbet yn de doarpen en dat Surhústerfean in wichtich doarp is foar de FNP. Van der Wal joech doe it wurd oan foarsitter Ale Procee fan H. en I. Surhústerfean om wat te fertellen oer it wurk fan de feriening en oer harren plannen en winsken foar Surhústerfean. Procee fertelde dat hy grutsk op syn doarp is. ,,Surhústerfean is in regiokern mei in grut winkelsintrum, wêr’t in hiel protte minsken mei nocht komme te winkeljen.” As we dit fest hâlde wolle, dan sil der wol wat barre moatte, sa sei Procee. ,,Dan sil it winkelsintrum de kommende jierren in facelift hawwe moatte. In rekonstruksje fan it sintrum is seker noadich foar de útstraling fan it doarp. Ek moat de gemeente Achtkarspelen derom tinke dat der genoch yndustrieterrein yn Surhústerfean foarriedich is. In twadde ûntsluting fan yndustrieterrein Lauwerskwartier nei De Skieding ta soe bygelyks ek in goede saak wêze.” In oar punt wat oan de oarder kaam is dat Surhústerfean dringend ferlet hat fan wentebou. Nije hûzen foar de âlderein, mar ek foar de jongerein. ,,Oars gean oare regiokernen ús foarby”, stelde Procee. ,,In protte minsken wolle wenjen yn Surhústerfean, mar kinne op dit stuit gjin hûs yn Surhústerfean keapje of hiere. Dit moat echt oars!” Surhústerfean hat der gjin ferlet fan om in krimpregio te wurden, sa sei Procee. ,,Dus der moat bouwd wurde!” Der ûntsie in libbendige diskusje tusken it bestjoer fan H&I en de delegaasje fan de FNP oer al dizze saken. Beide partijen wienen it mei inoar iens dat Surhústerfean de kommende jierren seker ekstra oandacht fertsjinnet om har wichtige rol as regiokern te behâlden. ,,Dêrom is in goed ûnderling kontakt nedich tusken Surhústerfean en de polityk fan Achtkarspelen.” De FNP’ers betanken oan it ein fan it gesprek it bestjoer fan H&I Surhústerfean foar de diskusje-byienkomst en foar harren tiid plus ynset foar Surhústerfean. Foto: © FNP Achtkarspelen      

Auteur

Redactie