De Snieskeppers spylje ‘Wa fan de twa’ yn Jistrum

Jistrum

De Snieskeppers binne op dit moment al wer drok dwaande mei de foarbereidingen op de komeedzje 'Wa fan de twa'.

Betinker en skriuwster fan dit stik is Anneke Hogeveen ùt Gytsjerk. Yn it stik wurdt net allinnich spile, mar ek song op bewurkingen fan lietjes fan û.o. Doe maar, Stef Bos, ABBA en Claudia de Breij.  It stik giet oer Marije, de dochter fan Jenny. Marije wurdt hast 21 en giet op ûndersyk nei it ferline fan har mem. Marije komt der efter dat har mem yn de jierren 70 genoaten hat fan it frije libben, wêryn alles koe en tastean wie. Foar it feest dat har mem foar har organisearet, hat Marije stiekem twa mannen ùtnoege, te witten har twa heiten! Dat wol sizze, ien fan de twa moat it wêze. Hoe sil it weromsjen mei Jenny falle? En wat fan de twa sil har heit wêze? Nijsgjirrich wurden welke kant dit ùt giet? Kom dan nei de foarstellings op freed 16 maart, saterdei 17 maart, freed 23 maart en saterdei 24 maart. De foarstellingen fine plak yn De Phoenix oan de Joast Wiersmawei yn Jistrum. Oanfang 20.00 oere. ‘Wa fan ‘e Twa?’ duorret omtrint 1,5 oeren, ûnderbrutsen troch in skoft. Tagongsprizen: folwoeksenen € 5,- . Sponsors en donateurs dy't € 10,- as mear doneare hoeve gjin entree te beteljen en bern ûnder de 12 jier binne fergees.

Auteur

Redactie