Toanielferiening Harkjemar spilet ‘Deiwurk by jûntiid’

Harkema

 DE HARKEMA - De Harkemaster toanielferiening Harkjemar spilet op saterdei 10 maart, freed 16 maart en saterdei 17 maart it stik ‘Deiwurk by jûntiid.’

It is in wille stik mei ûngewoane situaasjes, spile troch seis froulje en ien man. Jo sille de man mar wêze. Oan it begjin fan de foarstelling laket er noch, mar at er dat op it ein fan it stik ek noch docht? Dat kinne jim te witten komme op ien fan de útfieringen fan Harkjemar. Eltsenien is fan herte wolkom yn De Boemerang, Reitsmastrjitte 35 op De Harkema. Kaarten yn foarferkeap binne te besetten by ’t Postwinkelstje. Foto: © Fokke Ophuis  

Auteur

Redactie