Sterke man Wout Zijlstra iepenet FNP-hûs yn Surhústerfean

Surhuisterveen

 SURHUSTERFEAN - Op freed 2 maart om 19.00 oere is de grutte iepening fan it FNP-hûs oan De Kolk yn Surhústerfean (neist Rauwerda Visplaza).

De FNP Achtkarspelen is fanôf dan elke freed en saterdei en ek op moandei 19 en tiisdei 20 maart oanwêzich. De iepening van it FNP-hûs wurdt ferrjochte troch Wout Zijlstra. Zijlstra wol graach nei Achtkarspelen komme. ,,De sterkste man, nei de sterkste partij” It FNP-hûs is iepen foar alle belangstellenden, sa lit de partij witte. ,,Jo kinne der fergees in bakje kofje as tee helje, en foar de bern is der ek wat lekkers. Jo kinne jo fragen stelle en yn de kunde komme mei de kandidaten fan de FNP foar de kommende riedsferkiezingen. Jo kinne ek te witten komme wat de FNP de ôfrûne fjouwer jier allegearre dien hat en wêr de FNP de nije riedsperioade foar giet. Wês wolkom want sa as altyd stiet de FNP hiel ticht by de minsken.” Foto: © FNP Achtkarspelen      

Auteur

Redactie