Kritetoaniel Bûtenpost spilet pynlik geastige komeedzje ‘Tink oan my’

Buitenpost

 BUTENPOST - Op de sneontejûnen 3 en 10 maart bringt it Kritetoaniel Bûtenpost de foarstelling ‘Tink oan my’ oer it fuotljocht.

Dizze pynlik geastige komeedzje is skreaun troch Hetty Heyting en yn it Frysk oerset troch Marijke Geertsma. Regy: Lodewyk Riedhorst. De ynhâld fan it stik. Dyn eks-man noeget dy út yn it âlde betroude fakânsjehûs yn Frankryk. Do giest der hinne want do sitst wer goed yn dyn fel. Mar der komme noch trije oare eks-froulju opdaagjen. Wat in noflik wykein wurde soe fol fan dierbere oantinkens, draait út op in geweldige ôfknapper. Aafke mei al har krupsjes, Pem gek op planten, Doris ferslingere oan seks en Jeanine mei in drankprobleem. Fjouwer folslein ferskillende froulju reitsje fertize yn in skamteleas konflikt mei ûnderlinge striid en typyske froulju’s streken. En dat is ek gjin wûnder; allegear binne se fêst fan doel om úteinlik te krijen wêr’t se rjocht op ha. En wat is der noch oer fan harren relaasje mei Bob? Stik foar stik tochten se dêr klear mei te wêzen, der fier boppe te stean. Mar … wêr bliuwt Bob eins? Wie it noch mar juster. Wienen se mar net op’e útnoeging yngongen. ‘Tink oan my’ is in kluchtige foarstelling fol fan werkenbere hilaryske sitewaasjes mei sa út en troch in pynlik momint. Koartom: in hearlike jûn komeedzje. The Point Bûtenpost, beide jûnen om 20.00 oere. Seal iepen 19.00 oere. It kwartet eksen wurdt spile troch Greetje Klaren, Renate Rutter, Jildau Terwal en Frouke Holtrop. Foto: © Jonas Reitsma    

Auteur

Redactie