Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan lytse hûskes Hurdegaryp

Hurdegaryp

 HURDEGARYP - In oantal minsken fan de FNP Achtkarspelen hat sneontemoarn 17 febrewaris in wurkbesite brocht oan de lytse-húskes-strjitte yn Hurdegaryp.

Dizze lytse hûzen wurde ek wol ‘tiny houses’ neamd. De eigeneresse fan ien fan de lytse hûskes dêr is Mirjam Aukema. Sy wennet dêr allinnich mei har hûn Lobke. De FNP’ers mochten yn har hûs komme om it te besjen. Dit wie foar de FNP’ers in nijsgjirrige erfaring. It hûske fan Mirjam Aukema seach der moai út en wie echt komfortabel. Sa’n lyts hûske is yn totaal mar trittich fjouwerkante meter grut, mar echt alles sit deryn. In wenkeamer, keukentsje, sliepgedeelte, douche, wc en genôch kastromte. It hûske is duorsum, tige enerzjy-sûnich en de flier hat sels flierferwaarming. Op it dak lizze 48 sinnepanielen en dat is genôch foar alle stroom dy’t se brûkt. Yn de simmer fan 2017 binne der fiif hûskes op in rige delset yn Hurdegaryp. Dit wie de earste komplete lytse-hûskes-strjitte yn Nederlân. Der is in grutte fraach nei dit soarte fan húskes oan it oanstean yn Nederlân. It is ideaal foar minsken dy’t allinnich binne en foar minsken dy’t wol sels keapje wolle, mar net folle jild oer hawwe foar in besteand of in nij grut hûs. Ek foar startende jongerein kin it in prima oplossing wêze. Foar sa’n 80.000 euro binne jo hielendal klear (hûs + grûn). Mirjam Aukema is tige grutsk op har nije hûske en se fertelde dat se der noch hiel lang yn wenje bliuwe wol. Foto: © FNP Achtkarspelen  

Auteur

Redactie