Wurkbesite FNP oan Haitsma Beton yn Koatstertille

Kootstertille

 KOATSTERTILLE - In groep kandidaat-riedsleden en leden fan it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen hat freed 26 jannewaris op wurkbesite west by it bedriuw Haitsma Beton yn Koatstertille.

De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch Lútzen van Abbema en Hendrik Herder fan it bedriuw. Beiden fertelden oer harren bedriuw oan de hân fan in presintaasje en der wie romte foar fragen. Haitsma Beton is mear as 110 jier lyn begûn as bedriuw yn Harlingen. Sûnt ein sechstiger jierren hawwe se in grutte produksje-lokaasje yn Koatstertille. It bedriuw makket foaral heipeallen en oare eleminten en konstruksjes fan beton. Dizze wurde bygelyks brûkt by de bou fan brêgen, fiadukten, stadions, parkeargaraazjes ensafuorthinne. De bekende barriers neist wegen makket Haitsma Beton ek. Haitsma Beton makket yn Nederlân de langste betonpeallen dy’t der binne. Sa’n njoggentich prosint fan it wurk bliuwt yn Nederlân. Sa’n tsien prosint fan it wurk giet nei it bûtenlân ta, sa as Dútslân, België en Ingelân. It ferfier fan dizze faaks hiel grutte betonnen peallen giet oer de wei mei grutte frachtweinen (faaks dien troch Combex) of it giet oer it wetter mei de boat. Der wurkje op dit stuit ûngefear 96 minsken by Haitsma Beton. It bedriuw is tige wichtich foar de wurkgelegenheid yn Achtkarspelen en ek foar it doarp Koatstertille. Yndirekte wurkgelegenheid is der ek, foar bygelyks oanleverjende bedriuwen. Oan it ein fan de wurkbesite waarden de FNP’ers rûn lieden oer it terrein fan Haitsma Beton yn Koatstertille. It foel de FNP’ers op hoe grut it bedriuw yn it echt wol is, hokker moderne techniken se brûke en ek dat Haitsma Beton al goed neitinkt oer en wurket oan de duorsumens op it bedriuw. De FNP’ers betanken oan de ein Van Abbema en Herder fan Haitsma Beton foar de hertlike ûntfangst en de moaie wurkbesite. Foto: © FNP Achtkarspelen  

Auteur

Redactie