Trûbadoer Adri de Boer yn Bûtenpost

Buitenpost

BÛTENPOST - De lietsjes fan sjonger-skriuwer Adri de Boer fan Lippenhuzen pakke dy by it hert.

Tsien kear stie de Frysktalige sjonger mei syn lieten yn de finale fan it Fryske sjongfestival ‘Liet’. Twa kear wûn hy mei syn melodieuze fertolkings fan in eigen liet. Twa kear wûn hy mei syn melodieuze fertolkings fan in eigen liet. Syn Frysktalige programma sit fol prachtige harksankjes troch himsels begelaat op gitaar of piano. Mankelyk en dan wer fleurichop. Altyd út it hert. Sa goed as alle komposysjes binne fan eigen hân, mar ek bewurkings fan Jacques Brel en Frans Halsema hearre ta syn wiidweidige oeuvre. Op Omrop Fryslân is gauris it populêre wurk fan de lietsjessjonger te hearren. In optreden fan dizze Fryske trûbadoer is oer alle boegen altiten in súkses. Sneintemiddei 4 febrewaris 2018, Doopsgezinde Tsjerkje Julianalaan Bûtenpost. Oanfang: 15.30 oere. Foarferkeap en oan de seal: 8,50. Ynfo: 05115-41444 / www.maskelynbuitenpost.nl

Auteur

Redactie Digitaal