Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan biologyske buorkerij Nijboer

Boelenslaan

In delegaasje fan kandidaat riedsleden fan de FNP Achtkarspelen hat ôfrûne wike op wurkbesite west by de buorkerij fan de maatskip Nijboer yn Boelensloane.

De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de famylje Nijboer. Foar de kofje waarden de FNP-ers rûnlieden oer de buorkerij. De ky wienen sûn en seachen nijsgjirrig nei al dy gasten. Undertusken fertelde Foppe Nijboer fan alles oer syn bedriuw. Yn 1993 binne hy en syn frouw Baukje hjir begûn mei harren buorkerij. It wie doe noch in gongbere buorkerij sa as de measte boeren it no hawwe. Yn 2010 binne se omskeakele nei in biologyske buorkerij. Nijboer: ,,As jo echt biologysk wurde wolle, dan moatte jo as bedriuw oan strenge betingsten foldwaan, sa as gjin keunstdong mear struie, gjin bestridingsmiddels mear brûke, de kij moatte ferplicht in grut diel fan it jier bûten yn it lân rinne ensfh. Slagget jo dat allegear goed, dan krijt it bedriuw in hegere priis foar de molke." Mar de hear Foppe Nijboer docht it net allinnich foar in bettere molkepriis, hy is ek in boer dy’t hiel bot hâldt fan de natoer. Dat is mei nammen syn driuwfear om biologysk boer te wêzen. Derneist is Foppe Nijboer ek noch foarsitter fan de Feriening Biologyske Boeren yn Fryslân en foarsitter fan it netwerk 'Grondig'. Under it genot fan in bakje kofje mei cake fertelden Baukje en Foppe Nijboer yn de keuken fan de buorkerij entûsjast fierder oer harren bedriuw. Harren soan Gjalt dy’t ek al mei wurket yn it bedriuw wie derby oanwêzich. It is de bedoeling dat hy oer in oantal jierren it boerebedriuw oernimme sil. Se fertelden alle trije oer de moaie kanten fan it boer wêzen, mar ek oer de hjoeddeistige problemen sa as de fosfaat rjochten en útstjit kamen oan de oarder. It is net mear sa maklik om boer te wêzen, dan as it doetiids wie. Der komt no folle mear by te sjen en de boer moat no ek in folle gruttere administraasje byhâlde.

Auteur

Redactie