Jongerein Fryske Krite spilet wrâldpremiêre 'Hotel Droomoord'

Bûtenpost

BÛTENPOST - De Jongerein fan it Kritetoaniel fan Bûtenpost spilet op sneontejûn 27 jannewaris (20.00 oere, The Point Bûtenpost) de kluchtige skriller 'Hotel Droomoord'. 

Tegearre mei harren regisseur André Beeksma ha de jongereinspilers fan it Kritetoaniel in meartalige foarstelling betocht en útskreaun en dy wurdt dus foar it earst spile; in wrâldpremiëre. Hotel Droomoord is mei rjocht en reden in kluchtige thriller. Yn de foarstelling sjogge wy trije jonge minsken dy’t betocht ha om yn harren studintehûs in hotel te begjinnen. De ferwachting is dat troch Kulturele Haadstêd 2018 in protte minsken nei Fryslân komme sille en dat dêr dan in soad jild te fertsjinjen is. Se sette in advertinsje yn de krante en op ynternet, neame it Hotel Droomoord en kin it wachtsjen op de earste gasten mar begjinne. Dan giet de telefoan en set it spul útein. It giet lykwols net hielendal as ferwachte. De gasten ha easken wêr’t net rjocht op rekkene is en alles rint út de hân, of... Spilers: Johan Moes, Anouk Minnema, Jelly Douma, Dette Hiemstra, Renze Welfing, Laura de Zee, Myrka van der Wal, Dagmar Kingma en Nienke ten Hoven.

Auteur

Redactie