Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan The Gym Harkema

Harkema

 DE HARKEMA - In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen hat ôfrûne wike op wurkbesite west by it fernijde fitnesssintrum fan The Gym op De Harkema.

De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch direkteur Tjipko Brouwer fan The Gym. Under it genot fan in bakje kofje mei koeke fertelde Brouwer entûsjast oer syn bedriuw. The Gym is opset yn it jier 2012 oan de Warmoltstrjitte op De Harkema. It wie al gau in sukses. Dêrom is it bedriuw al yn 2014 ferhuze nei in moaie gruttere loads op De Splitting op De Harkema. En no binne hja krekt klear mei in ferbouwing. The Gym is folslein fernijd. Brouwer is hiel tefreden mei it risseltaat. De FNP Achtkarspelen seach ek dat alles der hiel goed útsjocht. ,,It is in prachtich fitness-sintrum wurden.” Brouwer wurket der mei twa meiwurkers en hat der ek noch in stazjêre by. The Gym hat ûngefear fjouwerhûndert klanten, wêrfan san santich bern. Hiel populêr is it kickboksen by de bern. Se krije hjir les yn en dêrtroch krije se neffens Brouwer mear selsfertrouwen. ,,De bern leare hjirtroch better foar harren sels op te kommen.” Dêrneist kin eltsenien - fan jong oant âld - telâne yn de sportskoalle anneks fitness-sintrum. Jo kinne hjir oan jo kondysje wurkje mar ek traine foar sporten sa as taikwondo, kickboksen ensafuorthinne. Ek wurket The Gym gear mei fysiotherapy-sintrum De Vesteynde út Bûtenpost. Nei de kofje liede Brouwer de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch syn fernijde sportskoalle en demonstrearre de wurking fan in oantal fitness-apparaten. De FNP’ers betanken Brouwer mei in typysk FNP-kadoke foar de nijsgjirrige wurkbesite. Foto: © FNP Achtkarspelen    

Auteur

Redactie