Gemeente Achtkarspelen makket .frl-mailadres mooglik

Buitenpost

 BUTENPOST - De gemeente Achtkarspelen hat it - njonken de gemeente Dantumadiel - technysk mooglik makke om gebrûk te meitsjen fan in mailadres mei de ekstinsje .frl.

It inisjatyf kaam fan it Harkemaster FNP-riedslid Sjoerd Groenhof dy’t hjir twa jier lyn om freege hat. Op it stuit fertsjoert en ûnfangt Groenhof as earste riedslid yn Achtkarspelen mails mei .frl. Groenhof stiet bekend as fervent stimulator fan praktyske maatregels dy’t passe by fierdere emansipaasje fan de Fryske taal. De gemeente Achtkarspelen sil nei de ferkiezings fan 21 maart hifkje oft der by de nije riedsleden belangstelling is foar in .frl-mailadres. Foto: © Gemeente Achtkarspelen      

Auteur

Redactie