Harkjemar spilet Moardfroulju en De trije breiden

HARKEMA

Toanielferieniging 'Harkjemar' út’e Harkema spilet op freed 22 en op freed 29 April jûns om 20.00 oere de stikken 'Moardfroulju' en 'De trije breiden' yn kafee De Boemerang.

Der wurdt troch dizze ploech wat letter yn de tiid fan it jier  spile as oare jierren. De reden hjirfan is dat 'Harkjemar' let yn it seizoen mei sykte fan ien fan de spilers te meitsjen krige.  Doe hiene hja de kar, net spylje of der plat foar en wol spylje. De kar wie gau makke... SPYLJE!!!  En se steane der !! Jimme binne fansels allegearre fan herte wolkom. De yntreekaarten binne te keap by it Postwinkeltsje en oan de seal. Op is op.

Auteur

Redactie